Van Dijk wethâlder Opsterlân

Piet van Dijk
Piet van Dijk fan Nij Beets is troch syn partij Opsterlands Belang foardroegen as kandidaat-wethâlder yn Opsterlân. Van Dijk sil wethâlder Klaas de Boer opfolgje. Van Dijk (49) is op dit stuit lobbyist foar de provinsje Flevolân yn Den Haach. Hy groeide op yn Beetstersweach en wie ûnder oare wurksum as polityk-assistint fan VVD-lânbouminister Jozias van Aartsen.
Ek wie Piet van Dijk jierren fraksjefoarsitter foar de VVD yn Swolle. Nei ferwachting wurdt er op 8 oktober beneamd ta wethâlder.