Ek jonge Friezen nei Project X

21 sep 2012 - 14:58

Hûnderten jongeren út Fryslân sette freedtejûn ôf nei Haren yn Grinslân foar Project X. It giet om in út de hân rûn feest fan in famke fan sechtjin dy't by fersin op Facebook 200.000 minsken útnoege yn stee fan allinne har freonen. It famke hat de útnoeging daliks wer ynlutsen, mar de feestgongers komme dochs.

De gemeente hat it feest ferbean en is sels fan doel om Haren ôf te sluten. De minsken yn Haren binne benaud foar in ynvaazje en in soad skea. De boargemaster en de heit fan it famke roppe de minsken dan ek op om net te kommen.

It is noch mar de fraach oft der freedtejûn echt in feestje komt. De strjitte dêr't it plakfine sil is ôfset en der is in soad plysje achter de hân om de minsken nei in oar plak te lieden.

Trefwurden: 
feest Facebook Project X Haren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)