Unfeilich ferkear yn Jobbegea

Der moat wat dien wurde oan de ferkearsûnfeilige situaasje by de Meester Kanskoalle yn Jobbegea. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. Bern dy't nei de skoalle geane, moatte fjouwer kear deis de Gordyksterwei oerstekke. Auto's, bussen, frachtweinen en trekkers soene dêr fierstente hurd ride.
Der is wol in drompel pleatst, mar dat hellet neffens de PvdA net genôch út. Ferkearsdielnimmers soene der mei 60 kilometer de oere of mear oerhinne gean.