'DNA-opkomst Westereen 100%'

21 sep 2012 - 14:24

Pleatslik belang fan De Westereen ferwachtet in opkomst fan 100% by it DNA-ferwantskipsûndersyk dat nije wike begjint. Dat seit foarsitter Jan Wagenaar fan pleatslik belang. Wagenaar hat de ôfrûne dagen in soad petearen fierd yn it doarp oer it grutskalige DNA-ûndersyk. Op grûn dêrfan tinkt hy dat alle oproppen manlju fan De Westereen meidwaan sille. 'Miskien is der ien ferdwaalde dy't net komt', sa seit Wagenaar.

De sosjale druk op mooglike wegerders is yn it doarp tige grut, sa seit foarsitter Wagenaar.

Marianne Vaatstra wenne yn De Westereen. Har moard makke yn 1999 djippe yndruk yn it doarp. Justysje hat earder dizze wike 8080 útnoegings foar it DNA-ferwantskipsûndersyk ferstjoerd. It ôfnimmen fan it DNA begjint ein nije wike.

(advertinsje)