Beleanning foar stellen quad

21 sep 2012 - 11:14

Túnsintrum Walinga yn Boalsert jout in beleanning fan tûzen euro foar de tip dy't liedt ta it finen fan in stellen quad. Ferline wike is der yn in loads fan it túnsintrum ynbrutsen. De dieven namen in oanhingwein mei mei dêrop ûnder oare de quad en in 'weedseeker', in apparaat om túch fuort te heljen.

De eigener tinkt dat it guod noch yn Nederlân is, omdat in weedseeker eins allinnich hjir brûkt wurdt. Minsken dy't wat witte, kinne kontakt opnimme mei it túnsintrum of de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)