Lof foar Sportstêd Hearrenfean

Sportstêd Hearrenfean © Google Street View
It sintrum foar Topsport en Underwiis op It Hearrenfean is it skoaljier begongen mei in goed rapportsifer. Yn opdracht fan it ministearje fan folkssûnens hat in buro ûndersocht hoe't it der, trije jier nei de oprjochting, foarstiet mei de sintra foar topsport.
De konklúzje fan it ûndersyk is dat de sintra it prima dogge en in oanwinst binne foar de topsport yn ús lân. Wol makket it ûndersyk dúdlik dat de ôfstimming tusken topsport en it ûnderwiis noch wol in stik better kin.