Kânsen foar minsken yn bystân

De gemeente Ljouwert hat tongersdei offisjeel de earste 25 ûnderfiningssertifikaten útrikt. Sa'n sertifikaat kin in opstapke wêze nei in betelle baan. Ljouwert is de earste gemeente dy't dit bysûndere projekt oanbiedt oan minsken dy't yn de bystân sitte, mar wol frijwilligerswurk dogge en graach in baan hawwe wolle.
Saakkundigen fan ROC Friese Poort en Welzijn Centraal beoardiele de persoan en bepale oft se wol of net rjocht hawwe op sa'n dokumint. Mei dit papier kin de wurksiker oantoane dat hy of sy oer bepaalde kompetinsjes beskikt.