Nij keunstgebou ROC Drachten
Boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân hat tongersdei it nije gebou fan de oplieding Kunst en Cultuur fan ROC De Friese Poort yn Drachten offisjeel iepene. Yn it gebou sit ûnder oare in folweardige konsert- en teaterseal foar de keunststudinten. Yn syn taspraak neamde Van Bekkum it gebou 'in pearel foar Smellingerlân'.
De iepening wie tagelyk it startsein foar de bou foar de technykopliedings fan de Friese Poort. Dat gebou moat takom jier klear wêze. Mei-inoar ynvestearret de Friese Poort 30 miljoen yn fjouwer nije gebouwen.
De gemeente Smellingerlân wol de kampus fan De Friese Poort ferbine mei de nijbou fan it Liudger, sadat der in 'learpark' ûnstiet. Hoe't dat learpark der krekt út komt te sjen is noch net bekend. De belutsen partijen sille dêr de kommende tiid fierder oer prate. ROC Friese Poort hat op dit stuit yn Drachten sa'n 3600 studinten. Neffens lokaasjedirekteur Sonsma sit dêr noch hieltiid groei yn. Om it ûnderwiis net te massaal wurde te litten, bout de Friese Poort fjouwer nije gebouwen foar elts sa'n 900 studinten. Dy gebouwen sille troch in bûlevaar mei-inoar ferbûn wurde, sadat der in kampus ûntstiet.