Tal WW'ers mei 17% tanaam

20 sep 2012 - 16:14

It tal Friezen mei in WW-útkearing is fan ein augustus 2011 oant ein augustus 2012 omheech gien fan hast 12.000 nei hast 14.000. Dat is in taname fan 17 prosint.

Fan de trije provinsjes yn it Noarden hat Fryslân de measte WW'ers. Grinslân hat 11.000 en Drinte 9500. Fan de Fryske gemeenten hat Ljouwert mei 2400 de measte WW'ers.

Trefwurden: 
WW
(advertinsje)