SC Cambuur sûnder Van der Laan

20 sep 2012 - 13:08

Sportklup Cambuur moat it freed tsjin Sparta dwaan sûnder Martijn van der Laan. De ferdediger, dy't ferline wike syn rentree makke, hat opnij lêst krigen fan de ljisk. Lucas Bijker is syn ferfanger en fierder feroaret trainer Alfons Arts neat oan de basisopstelling.

Neist Van der Laan binne ek de al langer blessearren Yuri Rose, Johnny de Vries en keeper Leonard Nienhuis der net by. Cambuur treft yn Sparta in kampioenskandidaat en dus is it neffens Arts in goeie wedstriid om te sjen wêr't syn ploech stiet.

Opstelling Cambuur: Telgenkamp; Droste, Bakens, Dijkstra, Bijker; El Makrini, Bakker, Keurntjes; Schokker, Hemmen, De Leeuw.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)