Nij: Fryske ambysje-app

De provinsje hat de 'Fryske Ambysje App' lansearre. Dat is applikaasje foar de smartphone of tablet. Hy is bedoeld foar leden fan de Twadde Keamer en it kabinet, mar ek foar gewoane boargers. Yn 'e regel besiket de provinsje mei papier en presintaasjes polityk Den Haach te oertsjûgen fan nut en needsaak fan de Fryske ambysjes.
Troch de app bliuwt elkenien no neffens kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma op de hichte. De saken dy't derop stean hawwe bygelyks te krijen mei toerisme, wettertechnology, ynfrastruktuer en ekonomy.