Workshops oer keten yn SWF

20 sep 2012 - 10:18

Súdwest-Fryslân hat woansdeitejûn yn Koudum ferskate workshops oer keten hâlden. Fan de gemeente binne keten by partikulieren op it hiem tastien. Keten oan 'e iepenbiere dyk binne offisjeel net tastien, mar se meie foarearst bliuwe. As de groep te âld wurdt, moat de keet fuort.

De brânwacht, plysje en in jurist fertelden âlden en jongerein op de spesjale jûn wêr't se rekken mei hâlde moatte by in jeugdkeet. De gemeente sil strang kontrolearje oft de keten oan 'e regels foldogge. Se stjoere geregeld kontroleurs del.

Trefwurden: 
keet jongereinkeet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)