Earste peal wentoer Ljouwert

20 sep 2012 - 10:03

It mei dan wol krisis yn 'e bou wêze, by it Oostergoplein yn Ljouwert is úteinset mei in grut bouprojekt. Woansdeitemiddei is de earste peal slein foar de bou fan in wentoer fan 42 meter heech. Wenningboukorporaasje Elkien hat de fyftich apparteminten yn 'e toer kocht en sil se ferhiere yn de goedkeape sektor.

Neist de hege wentoer wurdt in legere flat boud mei 24 rommere partikuliere hierwenten. Beide flats moatte ein 2012 klear wêze.

Trefwurden: 
wentoer Oostergoplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)