Minder huzen ferkocht
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne jier 20% minder huzen ferkocht. Dat docht bliken út sifers fan it kadaster. Ek de gemiddelde huzepriis is bot omleech gongen. Yn augustus 2011 wie dy noch 243.000 euro. No kostet in hûs yn Fryslân gemiddeld 209.000 euro. Dat is in delgong fan hast 14%.