Boat fiskstreupers sonken

19 sep 2012 - 20:42

By de oanhâlding fan twa fiskstreupers is it boatsje fan de beide mannen sonken.
De wetterplysje siet op de Tsjûkemar achter harren oan. By in oanfarring mei de plysjeboat sonk it boatsje fan de streupers. In 45-jierrige man út Burgum en in man fan 51 sûnder fêst wenplak binne oanholden. Der sieten 16 snoekbearzen en in snoek yn in tonne.

(advertinsje)