Haak De Gordyk is fallyt

19 sep 2012 - 17:22

It masinefabryk Haak op De Gordyk is fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje 25 minsken. It bedriuw sit sûnt 1980 op De Gordyk en makket ûnderdielen foar masines. Se leverje oan bedriuwen yn binnen- en bûtenlân.

It fallisemint fan it bedriuw kaam foar de fakbûnen en it personiel as in ferrassing. Neffens CNV-bestjoerder Frank Strolenberg hat it bedriuw noch genôch wurk. Strolenberg is dan ek posityf oer in eventuele trochstart fan it bedriuw. De direksje en de kurator wiene woansdei net berikber foar kommentaar.

Trefwurden: 
fallyt masinefabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)