Gjin goed WK Lieuwe Westra

19 sep 2012 - 16:46

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is op it WK tiidriden yn Limboarch net fierder kommen as in teloarstellend 38ste plak. Yn it foar wie der noch hope op in poadiumplak foar Westra. Foaral om't favoriten as Bradley Wiggins, Chris Froome en Fabian Cancellara ôfseinen foar it WK.

Op it goed 45 kilometer lange parkoers tusken Heerlen en Valkenburg koe de Tynster woansdei gjin potten brekke. Hy bleau mear as fjouwer minuten achter op de úteinlike winner Tony Martin. Martin prolongearre syn wrâldtitel. 

Trefwurden: 
WK Lieuwe Westra tiidriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)