Trije nije otters útsetten

Der wurde ynkoarten wer trije nije otters útsetten yn de Alde Feanen. Dat waard woansdei yn Earnewâld bekend makke by it oerlangjen fan in advys oer de takomst fan de otter yn Fryslân oan it Fryske Gea.
Earder binne der ek al otters yn it Nasjonaal Park útsetten troch Addy de Jongh fan de Stichting Otterstation Nederland. Neffens De Jongh binne no alle fergunnings binnen om de nije útsettings trochgean te litten. It giet om twa mantsjes en in wyfke út Tsjechië.
By in eardere útsetting binne der otters deagien. De nije otters binne ek noadich omdat der in probleem mei yntylt is.