Súdwest moat mear bewege

19 sep 2012 - 14:32

Der moat in regionaal trainingssintrum komme foar in sport yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It soe dan gean kinne om bygelyks in kitesurfsintrum. Dat stiet yn de beliedsnota 'Sport en Bewegen' fan de gemeente. De gemeente wol alle ynwenners oan it bewegen krije. Dat kin bygelyks troch hiele leechdrompelige kuierklups op te rjochtsjen.

Tagelyk is earder besletten dat der foars besunige wurde moat op it sport- en beweechbelied. Dat sil ûnder oare dien wurde troch it sluten fan ien fan de fjouwer swimbaden yn de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)