LC mooglik tenei moarnskrante

De Ljouwerter Krante besjocht op it stuit oft se ek in moarnskrante wurde wol. De krante komt no noch middeis út. Neffens haadredakteur Hans Snijder is it logysk dat de krante dit ûndersiket. Alle besoargers ha in brief krigen dêr't se yn frege wurde wat sy dêr fan fine, mar neffens Snijder wurde noch folle mear belanghawwenden belutsen by it ûndersyk. Dan giet it om de lêzers, de advertearders en de eigen meiwurkers. Ek wurdt der sjoen nei it Friesch Dagblad dat no foar de fersprieding ôfhinklik is fan de Ljouwerter Krante.
Foar de Ljouwerter Krante soe in moarnskrante betsjutte dat der noch mear gearwurke wurde kin mei kollega krante, it Dagblad van het Noorden, dat al moarns útkomt. In soad hinget lykwols ôf fan de reaksje fan de lêzers.