Brutsen skonk nei fal ljedder

19 sep 2012 - 11:12

In 25-jierrige man út Surhústerfean is tiisdei yn Appingedam yn Grinslân ferwûne rekke by in bedriuwsûngefal. De man wie by in gebou oan it Hurddraversplein dwaande mei it pleatsen fan in sinneskerm, doe't hy fan 3 meter hichte fan de ljedder foel.

De Feanster is mei in komplisearre breuk oan ien fan syn skonken nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)