Fytsers ferwûne by ûngelokken

19 sep 2012 - 11:03

By twa oanridings mei fytsers binne tiisdei yn Snits en Ljouwert twa minsken ferwûne rekke. Op It Perk yn Snits botste in 59-jierrige fytser ûnder it ynheljen frontaal op in 69-jierrige fytster. De frou kaam te fallen en rekke ferwûne.

Yn Ljouwert rekke in 19-jierrige fytster út Wergea ferwûne oan de holle, doe't se oanriden waard troch in 38-jierrige fytser út Wergea. De man hie de kop der net by en kaam op de ferkearde helte fan it fytspad telâne. Beide slachtoffers moasten foar behanneling nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Snits Ljouwert ferwûne fytsers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)