Masterplan Grou kin trochgean

19 sep 2012 - 07:51

De gemeenteried fan Boarnsterhim is tiisdei unanym akkoart gien mei it Masterplan foar de werynrjochting fan de âlde kearn fan Grou. Dan giet it om de Volmawei, de Minne Finne en de Hellingshaven. It plan is makke troch omwenners, grûneigeners en projektûntwikkelers.

Tsjin in earder plan kaam in soad ferset, foaral fan omwenners fan de Volmawei. Dy problemen binne nei oerlis mei de projektûntwikkeler oplost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)