'Fryslân komt der goed ôf'

Fryslân mei de hannen tichtknipe mei de ryksbegrutting foar 2013. Der wurdt in soad jild stutsen yn grutte projekten as de Ofslútdyk, de Heak om Ljouwert en de Traverse troch Harns. Boppedat besuniget it Ryk net op foar Fryslan wichtige fûnsen as it Waadfuns en de Suderseejilden.
'It hie wol folle minder kinnen', seit steatssiktaris Joop Atsma fan ynfrastruktuer en miljeu. Atsma is ferantwurdlik foar in begrutting fan 9,9 miljard euro. It is nei alle gedachten syn lêste. Wat Atsma nei syn steatssekretariaat dwaan sil, wit er noch net.