Furdgum dekôr fan film

Steven de Jong © ANP Kippa
Regisseur Steven de Jong draait foar syn nije film 'Boerenliefde' in soad scenes yn Fryslân. Furdgum, tusken Minnertsgea en Tsjummearrum, wie tiisdei it dekôr foar scenes fan de earste draaidei. Akteur Cas Jansen spilet yn 'Boerenliefde' in boer dy't yn in Boer-zoekt-vrouw-eftige sitewaasje bedarret. De film giet oer it kontrast tusken stêd en plattelân. Der wurdt ek noch filme yn Seisbierrum en Jellum.