Enerzjykoöperaasje set útein

18 sep 2012 - 19:52

De nije Fryske Enerzjykoöperaasje hat grutte ambysjes: de koöperaasje wol yn trije jier tiid 50.000 leden binnenhelje. Ein dit jier wurdt de koöperaasje offisjeel oprjochte. De provinsje betellet 95.000 euro mei oan de oprjochting. Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, wurdt foarsitter fan it bestjoer. De koöperaasje ferwachtet tsjin gelikense prizen as gewoane enerzjybedriuwen stroom leverje te kinnen, mar sil ek foar finansieringsmooglikheden foar bygelyks sinnepanielen en enerzjybesparjende isolaasje soargje.

De Fryske Enerzjykoöperaasje hopet jierliks 2 miljoen euro te ynvestearen yn lokale enerzjyprojekten, sa as doarpen en wiken dy't duorsum wurde wolle. Op It Amelân en yn Makkingea binne al lokale enerzjykoöperaasjes oan it wurk, de foarsitter fan de Amelanner koöperaasje is ek belutsen by it Fryske inisjatyf. De provinsje Noard-Hollân en de stêd Grins hawwe ek al eigen enerzjykoöperaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)