Bouwgroep Heerenveen fallyt
Bouwgroep Heerenveen is troch de rjochtbank yn Ljouwert fallyt ferklearre. Sawat tritich minsken ferlieze harren baan. Sûnt 2008 giet it hieltyd minder mei it boubedriuw dat yn de jierren '90 ûntstien is út in tal doarpsûndernimmers.
In pear jier ferlyn wurken der noch hûndert meiwurkers by Bouwgroep Heerenveen.