Ryksbegrutting serieus nimme

18 sep 2012 - 16:37

De Twadde Keamer en de PvdA dogge der goed oan de ryksbegrutting 2013 serieus te nimmen. Grutte wizigings lykas it skrassen fan de forinzetaks kinne allinnich as dêr ek dekking foar is. De tiid tusken no en 2013 is hast te krap om dat noch te regeljen. Dat seit Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA.

Neffens De Rouwe falle de gefolgen fan de ryksbegrutting foar Fryslân ta. Der wordt yn 2013 net besunige op it Waadfûns en Suderseekompensaasjejilden. Dat betsjut dat der gewoan jild beskikber bliuwt foar projekten út dy fûnsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)