AZC Sint Anne giet ticht

18 sep 2012 - 15:13

It asylsikerssintrum yn Sint Anne giet ticht. Dat makke it Sintraal Orgaan opfang asylsikers (COA) bekend. It sintrum wurdt uterlik op 1 april takom jier sletten. Dokkum krijt definityf gjin nij azc. In helberheidsûndersyk hat in negatyf advys opsmiten, seit in wurdfierder.

De azc's yn Drachten en Burgum bliuwe wol iepen, al krijt Burgum tenei útprosedearre húshâldings mei minderjierrige bern. De minsken yn Sint Anne dy't harren baan troch de sluting kwytreitsje, wurde safolle mooglik herpleatst. It giet om fyftjin arbeidsplakken.

De sluting fan it asylsikersintrum fan Sint Anne komt hurd oan yn it doarp. Boargemaster Gerrit Krol fan It Bilt neamt it in grutte teloarstelling. Syn gemeente rekket fjouwerhûndert ynwenners kwyt. Wurkgelegenheid en de middenstân moat it sûnder de bestegings fan de bewenners stelle.

Trefwurden: 
AZC sluting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)