LTO warskôget foar ferkeaper

LTO warskôget de leden foar in enerzjyferkeaper dy't by boeren delgiet. Dy seit dat er yn de mande mei LTO goedkeape enerzjy oanbiedt. Dat is net wier. Trije Fryske boeren hawwe de ferkeaper oant no ta op it hiem hân.
De boere-organisaasje no in warskôging foar de ferkeaper útgean. Boeren kinne fia LTO ek kollektyf enerzjy ynkeapje, mar dêrfoar gean sy net by de boeren del. Sy wolle harren net steure by it wurk en gjin risiko's rinne mei it eventueel oerbringen fan syktes fan it iene nei it oare bedriuw.