Scooterrider mishannele

18 sep 2012 - 11:23

In 20-jierrige scooterrider fan De Westereen is moandeitejûn by Wâlterswâld mishannele troch trije manlju. De scooterrider ried oer de Sânharst, doe't er oanfallen waard troch it trio yn in âlde VW Golf. It slachtoffer rekke ferwûne.

Wêrom't de manlju de scooterrider pakten, is noch ûnbekend. It slachtoffer koe syn oanfallers net.

Trefwurden: 
mishanneling scooter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)