Foarljochting oer DNA-ûndersyk

18 sep 2012 - 10:37

Der binne nije wike trije foarljochtingsbyienkomsten oer it DNA-ûndersyk yn de saak-Marianne Vaatstra. Dy wurde tiisdei hâlden yn de gemeentehuzen fan Kollum en Bûtenpost en woansdei yn sealesintrum Old Dutch yn de Westereen.

De byienkomsten binne bedoeld foar de 8080 mannen dy't frege wurde om DNA ôf stean en foar harren direkte famylje. Tiisdei falt by de manlju de oprop om frijwillich mei te dwaan oan it DNA-ferwantskipûndersyk yn de brievebus. It giet om manlju dy't op de dei fan de moard tusken de 16 en 60 jier wiene.

Sy moatte doedestiids yn in striel fan 5 kilometer om Feankleaster hinne wenne hawwe. Dêr waard Marianne Vaatstra op 1 maaie 1999 ferkrêfte en fermoarde.

Trefwurden: 
DNA Marianne Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)