Gjin Prinsjesdagbrochjes

Twa Prinsjesdagmoarnsbrochjes gean dit jier net troch. De reden dêrfan is dat in soad fan 'e maatregels yn de troanrede al bekend wiene yn it Kunduzakkoart fan fan 't maitiid.
Deputearre steaten hiene oars altyd op Prinsjesdei sels in moarnbrochje mei de Fryske Keamerleden. De provinsje fynt dat net sinfol twa dagen foar de ynstallaasje fan de nije Keamerleden. De dei nei Prinsjesdei is ek altyd in moarnsbrochje op hegeskoalle Stenden yn Ljouwert. Dat giet net troch, omdat der te min belangstelling foar is.
Der is dit jier folle minder belangstelling foar de nije ryksbegrutting as oars. Dat komt troch it Kunduzakkoart fan ôfrûne maitiid dêr't de wichtichste maatregels al yn stiene. It giet dan om saken lykas in heger eigen risiko yn de soarch, de forinzetaks en de ferheging fan de btw. Troch dy en oare maatregels giet de keapkrêft fan in soad minsken der 0,75 oant 3% op achterút.
De Fryske Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma is wol yn Den Haag om it foarlêzen fan 'e troanrede by te wenjen. Hy heart der omreden fan syn funksje by te wêzen.
De nije Keamerleden wurde tongersdei ynstallearre en woansdei nimt de âlde Twadde Keamer ôfskie. It tal Fryske Twadde Keamerleden is mei fiif gelykbleaun yn fergelyk mei de âlde situaasje. Mooglik komt Frysk VVD-steatelid Aukje de Vries der ek noch yn, as oaren op de list opskowe.