Striid oer gemeentekantoar

Striid oer it plak fan it nije gemeentekantoar. Dat is ien fan de saken dêr't de ynwenners fan de gemeente Frjentsjerteradiel it meast benaud oer binne as it giet om de weryndieling. Se tinke dat dêr striid oer komt dy't nearne foar nedich is.
De gemeenteried hat him útsprutsen foar weryndieling mei Harns, Menameradiel, It Bilt en mooglik ek Ljouwerteradiel. De measte ynwenners binne dêr posityf oer.