'Smel'lân docht lantsjepik'

17 sep 2012 - 21:47
  • Boargemaster Adema oer weryndieling

Boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen is min te sprekken oer wat er neamt it 'lantsjepik' fan buorgemeente Smellingerlân. Dy gemeente wol gebietsútwreiding nei it noarden, no't de opdieling fan Opsterlân - sa't earst it plan wie - fan de baan is.

Smellingerlân wol no weryndiele oan it Prinses Margrietkanaal ta. Dat hat gefolgen foar ûnder oare Achtkarspelen. Adema wol dêr neat fan witte.

(advertinsje)