Bouwgroep Heerenveen op de wip

17 sep 2012 - 16:27

It giet finansjeel striemin mei Bouwgroep Heerenveen. It boubedriuw sit tsjin in fallisemint oan dat nei alle gedachten tiisdei útsprutsen wurdt. Der rinne 30 banen gefaar. Sûnt 2008 giet it hieltyd minder mei it boubedriuw dat yn de jierren 90 ûntstien is út in oantal doarpsûndernimmers. In pear jier lyn wurken der noch 100 meiwurkers, no binne dat der noch mar in lytse 30.

Ferline wike hat de direksje it personiel op 'e hichte brocht. It fakbûn CNV ûnderskriuwt de problemen mar wol pas reagearje as it fallisemint útsprutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)