Bromfytser ferwûne by Weidum
Moandei is oan it begjin fan de middei op de Hegedyk yn Weidum in bromfytser slim ferwûne rekke by in botsing mei in auto.
De traumahelikopter is ynskeakele en meardere ambulânses binne oproppen. De bromfytser is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.