Millenniumfestival grut sukses

17 sep 2012 - 12:27

It Millenniumfestival yn Drylts is it ôfrûne wykein in grut sukses wurden. Foaral de sponsorloop wie goed slagge. De rinners ha in bedrach fan 47.500 euro ophelle. Stichting Wilde Ganzen ferdûbelet dit bedrach. Dêrom stiet de teller no op 95.000 euro. Dêrby komt ek noch de opbringst fan it festival. It jild giet nei The Hunger Project yn Benin en Gana. By it slotkonsert op sneon wie de band Jungle Warriors de topper.

It festival waard freed iepene troch kabaretier Dolf Jansen dy't spesjaal foar it festival in foarstelling makke hie.

Trefwurden: 
Millenniumfestival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)