Rydbewiis kwyt op Ofslútdyk
In 24-jierrige automobilist út Súdlaren moast sneintemiddei op de Ofslútdyk syn rydbewiis ynleverje omdat hy mei 160 km oer de Ofslútdyk ried.
Op dat stik is in maksimumsnelheid tastien fan 100 km. De oertreding waard konstatearre troch in ûnopfallende fideo-auto fan de plysje.