Ljouwerter driget mei swurd

17 sep 2012 - 10:50

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei in ynwenner fan Ljouwert oanhâlden op fertinking fan bedriging. De man bedrige yn in wenning oan de Larixstrjitte in stedsgenoat mei in swurd.

By de oanhâlding hie de man it swurd noch by him. Dit is yn beslach naam. De Ljouwerter is meinaam nei it plysjeburo foar neier ûnderwyk.

Trefwurden: 
bedriging swurd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)