Frou ferwûne by keukenbrân

© ANP XTRA
Op It Hearrenfean is sneintemoarn in 84-jierrige frou ferwûne rekke troch in brân yn de keuken. De frou wennet oan de Alma Tademawei en hie in panne mei oalje op it fjoer setten, mar wie dat fergetten.
De bewenster krige reek binnen en is út foarsoarch nei it sikehûs brocht. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar de wenning hat wol skea oprûn.