Topspilers by Tryater wei

17 sep 2012 - 09:59

Jan Arendz en Marijke Geertsma geane mei yngong fan 1 jannewaris 2013 út tsjinst by Tryater. Arendz en Geertsma wurkje dêr al sûnt 1975. Troch in legere rykssubsydzje feroaret de struktuer fan it selskip en sil der mear wurke wurde mei meiwurkers op freelance basis. Gruttere produksjes en bysûndere projekten wurde ôfhinklik fan ekstra finansiering.

Jan Arendz en Marijke Geertsma wurkje op dit stuit noch oan it stik 'Omke Wanja', dat op 11 oktober yn premjêre giet en oant en mei desimber troch de provinsje reizget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)