Westra 12e by WK ploegetiidrit

Lieuwe Westra
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is snein tolfde wurden mei syn ploech Vacansoleil-DCM by it wrâldkampioenskip ploegetiidrit yn Valkenburg. De winst wie foar de Omega Pharma-Quick Step-ploech mei de Nederlanner Niki Terpstra. De Amerikaanske BMC-ploech waard twadde. It brûns wie foar it Australyske Orica-GreenEdge fan Pieter Weening, dy't net yn aksje kaam yn Limboarch.
De ploegetiidrit waard foar it lêst op in WK ferriden yn 1994. Dêr't it doe noch gie it om lanneteams, dogge yn de nije opset allinnich profesjonele teams mei.