Fernielings tennisklup Akkrum

De ravaazje wie grut by de Akkrumer tennisklup © www.noordoost.nl
Fandalen hawwe sneontenacht stevich húshâlden op it tenniskompleks fan Akkrum. Smoargenskonteners binne leechsmiten op de tennisbanen, in grut part fan it nije meubilêr is oer it stek op de baan smiten en alle tafels en stuollen op it terras wiene omsmiten. Nagelnije stuollen en tafels rekken skansearre.
Neffens baankommissaris Willem Kraaij hawwe de dieders der 'in grutte binde' fan makke. Keunstwurken waarden mei skroeven en al fan de muorre skuord. Ek alle blompotten binne fernield. De klup hat oanjefte dien by de plysje.
De tennisklup hopet dat de dieders te achterheljen binne troch bylden fan de bewakingskamera's. De plysje sil ek noch tsjûgen hearre, dy't nachts stimmen heard hawwe op de tennisbaan.