Van der Bos wint Aldehoupartij

16 sep 2012 - 17:03

It keatsseizoen is snein ôfsletten mei de Aldehoupartij yn Ljouwert. De lêste partij waard in proai foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Sjoerd de Jong. Yn de einstriid wie it trijetal mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Jelte-Pieter Dijkstra, Pieter Jan Plat en Daniël Iseger. Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening fan de Aldehoupartij.

De lytse preemje wie foar Jan-Dirk de Groot, Hendrik Bouwhuis en Hans Wassenaar. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-3 en 6-2 fan it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra.

Trefwurden: 
keatsen Aldehoupartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)