Betonblok op N359 by Koudum

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Unbekenden hawwe sneintemoarn om 4 oere hinne in grut stik beton op de autodyk N359 by Koudum lein. Dit wie by de rotonde foar it Koudumer akwadukt. In Warkumer (19) ried mei de auto oer it betonblok. It karter fan syn motor gie dêrtroch stikken en alle oalje rûn út de motor op de autodyk.
Meiwurkers fan de provinsje hawwe de autodyk wer skjinmakke, in berger hat de auto meinommen. De plysje wol graach wite wa't it betonblok op de N359 dellein hat. It gie om in ferswierre stik fan de weimarkearing.
Wa't wat sjoen hat wurdt frege de plysje te beljen op 0900 – 8844 of op 0800 – 7000 (dit lêste nûmer is anonym).