Lyk spul foar Snits Wyt Swart

16 sep 2012 - 16:34

Snits Wyt Swart hat snein yn Amsterdam 0-0 lykspile tsjin Chabab. De kânsen foar beide ploegen wienen op ien hân te tellen. In tsjinfaller oan Snitser kant wie de blessuere fan Michael Grendel dy't foar it skoft it fjild ferlitte moast. Ynfaller Erolind Derguti krige foar de tee noch in kâns op syn twadde kompetysjetreffer, mar hy seach syn skot neist gean.

Yn de twadde helte wie Mark Homme van der Veen tichtby de iepeningstreffer. De grutste kâns wie foar Kees Smaal dy't syn skot keard wurden seach troch de keeper fan de Amsterdammers.

It lyskpul betsjut it fjirde kompetysjepunt foar de Snitsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)