Man mei xtc oppakt yn Boalsert

16 sep 2012 - 15:55

De plysje hat sneontenacht yn Boalsert in kafeebesiker (20) oanhâlden, omdat hy yn it besit wie fan xtc-pillen. De man gedroech him nuver yn in hoarekasaak oan de Dykstrjitte. It die bliken dat er alve pillen by him hie. It giet nei alle gedachten om xtc-pillen.

De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De pillen binne yn beslach nommen. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Boalsert drugs xtc
(advertinsje)