Aris wint nipt fan BSV Wulfen

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha sneon mei 101-98 wûn fan it Dútske BSV Wulfen. De ploech fan trainer Erik Braal begong goed oan de wedstriid en stie nei 5 minuten al op in komfortabele 19-5 foarsprong. Nei it skoft rûnen de Ljouwerters út nei 73-55.
Yn de einfaze dienen wurgens en konsintraasjegebrek Aris noch hast de das om, mar úteinlik bleaunen de Ljouwerters troch in frije woarp fan Hicham Kherrazi krekt foar it einsinjaal oan 'e goede kant fan de skoare.
Snein spilet Aris yn it Belgyske Huy tsjin Belgacom Luik.