Hearrenfean ferliest fan ADO

Coach Marco van Basten wachtet noch altiten op syn earste kompetysjeoerwinning mei SC Hearrenfean. Sneon gie syn ploech yn eigen hûs kânsleas ûnderút tsjin ADO Den Haach. Yn in tiidsbestek fan acht minuten skoarde ADO trije kear. Rydell Poepon, Jens Toornstra en Tjaronn Chery soargen foar in 0-3 rêststân.
Nei it skoft die Hearrenfean yn 'e persoan fan ynfaller Jeffrey Gouweleeuw noch wat werom, mar fierder as de 1-3 kaam de ploech net. It is de earste oerwinning fan ADO ea op It Hearrenfean.